Olympia's Tour nije styl docht Oerterp oan
Olympia's Tour, de âldste Nederlânske etappekoers by it hurdfytsen, is rêden fan de ûndergong en sil ek yn 2015 ferriden wurden. Nei it ôfheakjen fan de haadsponsor slagge de organisaasje der dochs wer om in nije jildsjitter te finen: 3M.
De 63e edysje fan Olympia's 3M Tour wurdt fan 12 oant en mei 17 maaie ferriden. It ritteskema fan de earste etappes waard tongersdei yn Assen bekend makke. Nei de prolooch - in ploegetiidrit - op tiisdei 12 maaie yn Assen set it peloton middeis ôf nei Fryslân. Yn Oerterp leit de einstreek fan dy earste rit.