James Bond mei pensjoen yn Bitgummole

08 jan 2015 - 16:41

James Bond giet mei pensjoen yn Bitgummole. It 23-jierrige maneezjehynder mei genietsje fan syn fertsjinne pensjoen by de stichting Opfang Alde Maneezjehynders en ponnys Fryslân. It hynder mei de opfallende namme hat goed 13 jier syn rûntsjes draafd yn Maneezje Waarland yn de kop fan Noard-Hollân.

Donateurs fan de stichting meitsje it no mooglik dat it bist yn Bitgummole fan syn âlde dei genietsje kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)