Basketballers fan Aris plak omheech troch fallyt Den Helder

Aris-Leiden © awfoto.nl
De Ljouwerter basketbalklup Aris giet in plakje omheech op de ranglist yn de earedivyzje. Dat is it gefolch fan it feit dat de Den Helder Kings definityf gjin trochstart makket.
De basketbalklup út Den Helder gong ein foarich jier fallyt. Aris stiet dêrtroch no sechsde, in plak dat rjocht jout op de play-offs.