Moslimmienskip posityf oer demonstraasje-oprop

08 jan 2015 - 14:01

De moslimmienskip yn Fryslân reagearret benammen posityf op de oprop fan boargemaster Ferd Crone om tongersdeitejûn om 18.00 oere op it Saailân te demonstrearjen tsjin de oanslach op it tiidskrift Charlie Hebdo yn Parys. Wurdfierders fan de moskeeën yn Drachten en Snits stypje de oprop om stelling te nimmen tsjin de terroristyske oanslach.

Minsken deameitsje út namme fan de islam is ferkeard, seit wurdfierder Karacan Cengiz fan de moskee yn Drachten. Oerlisorgaan Kleurryk Beraad yn Ljouwert woe net reagearje op de oprop fan Crone.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)