Manlju ferniele wenning yn De Pein en stelle jild en pinpas

Oanhâlding © ANP
De plysje hat woansdeitemiddei in 33-jierrige man út De Houtigehage en in 26-jierrige man fan De Harkema oanholden op fertinking fan fernielings en stellerij yn in wenning yn De Pein. It twatal soe spul hawwe mei de 36-jierrige hûseigener yn De Pein. Woansdei rieden de beide manlju nei syn hûs oan de Middelbuorren en fernielden guod yn syn wenkeamer. Ek naam it twatal jild en in pinpas mei.
It slachtoffer die oanjefte by de plysje, wêrnei't de fertochten oanholden wurde koenen. De man fan De Harkema hat de stellerij en fernielings bekend.
Tsjin beide manlju is proses-ferbaal opmakke.