Brânwacht noch oan it neiblussen by kringloopwinkel

De plysje slút brânstichting út © Omrop Fryslân, Alle Faber
De brânwacht hat woansdei noch de hiele jûn oan it neiblussen west by de kringloopwinkel oan de Lorentzkade yn Ljouwert. Dêr bruts woansdeitemiddei in grutte brân út. De winkel is folslein yn de jiske lein. By de brân kaam in soad reek frij. Ek tongersdeitemoarn hat de brânwacht noch oan it neiblussen west.
De plysje docht ûndersyk nei de oarsaak fan de brân.