Jubileum foar hyperbare keamer fan sikehûs Snits

Yn it Antonius sikehûs yn Snits is tongersdeitemoarn foar de tûzenste kear de saneamde hyperbare keamer op druk brocht. Yn dy keamer wurde pasjinten behannele dy't bygelyks iepen wûnen hawwe, dy't net mear ticht geane of minsken dy't in gemokuer hân hawwe.
De pasjinten wurde yn de hyperbare keamer twa oeren lang ûnder deselde drukomstannigheid brocht as dûkers dy't 15 meter ûnder wetter sitte. Dêrtroch kin it bloed de soerstof better troch it lichem ferfiere. Dit soarget derfoar dat minsken rapper genêze.
De hyperbare keamer stiet no rom twa jier op it terrein fan it sikehûs en wurdt alle dagen twa kear ûnder druk brocht. De tûzenste kear waard tongersdei feestlik yn gong set troch wethâlder Maarten Offinga fan de gemeente Súdwest-Fryslân.