Plysje rydt autodieven klem yn De Rottefalle

08 jan 2015 - 11:28

De plysje hat yn de nacht fan tiisdei op woansdei yn De Rottefalle twa dieven klemriden dy't in auto stellen hiene. De twa fertochten, in 25-jierrige man út De Harkema en in man fan 28 jier út De Pein, waarden betrape by in kamerakontrôle. It kenteken fan de auto dêr't se yn rieden stie registrearre as stellen.

De plysje krige it dieveduo by Drachten yn it fizier en sette de efterfolging yn. Op de Heidbuorren yn De Rottefalle koe it duo oanhâlden wurde. De auto wie yn jannewaris stellen by in bedriuw oan de Oostendeweg yn Grins.

Ut ûndersyk die bliken dat de fertochte út De Harkema ek noch ferskate boetes iepenstean hie. Boppedat waard er socht foar in ynbraak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)