Gemeenten roppe op ta solidariteit mei ynwenners Parys

It gemeentehûs fan Dongeradiel yn Dokkum © Omrop Fryslân
De kommisjefergadering yn Dongeradiel begjint tongersdeitejûn letter om minsken de kâns te jaan nei de demonstraasje yn Ljouwert te gean. De demonstraasje wurdt holden om solidêr te wêzen mei de ynwenners fan Parys. De demonstranten meitsje har sterk foar de frijheid fan mieningsutering nei oanlieding fan de oanslach yn Parys op de redaksje fan it satiryske wykblêd Charlie Hebdo.
De fergadering yn Dokkum begjint om 20.30 oere en foarôfgeand wurdt in minút stilte hâlden. Ek sil boargemaster Waanders wat sizze oer de oanslach.
Op Flylân ropt boargemaster Ella Schadd op ta solidariteit. Njonken in minút stilte om 11 oere tongersdeitemoarn freget Schadd de eilânbewenners om tongersdeitejûn om 18.00 oere in brânende kears foar it rút te setten om sa ek in teken fan solidariteit te jaan. De boargemaster stjoerde de doarpsomropper op paad mei it boadskip. De eilânbewenners wurdearje de oprop fan de boargemaster.
Op Skylge folget boargemaster Rob Bats it foarbyld fan Flylân. Ek hy ropt de bewenners op om in brânende kears foar it raam te setten.