Stroomsteuring op bedriuweterrein Frjentsjer

08 jan 2015 - 08:46

Bedriuweterrein West yn Frjentsjer hat tongersdeitemoarn in pear oeren sûnder stroom sitten. Yn in transformatorhúske wienen problemen. De oarsaak is noch net bekend. Om't netbehearder Liander ek noch net wit wêr't de steuring krekt ûntstean is, hat Liander de 28 bedriuwen op it bedriuweterrein foarearst oansletten op in needaggregaat.

Wannear't it probleem ferholpen is, kin Liander noch net sizze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)