Tûzen beammen kapt by Easterwâlde

08 jan 2015 - 08:05

Sa'n tûzen beammen wurde dizze wiken kapt by Easterwâlde. It giet om it gebiet tusken Easterwâlde Noard en Easterwâlde Súd. De kap is nedich foar de oanlis fan de nije N381, de dyk fan Drachten nei de Drintske grins. De dyk wurdt breder sadat der yn de takomst 100 km yn de oere riden wurde kin.

It ferkear hat wol wat lêst fan it wurk. Sa is de maksimum snelheid tydlik ferlege nei 50 kilometer yn de oere en is bûten de spits ien rydbaan ôfsletten. Ferkearsregelaars begeliede dit. De beammekap duorret yn totaal sa'n trije wiken.

Trefwurden: 
Easterwâlde beammen N381 kap
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)