Crone: oprop demonstraasje foar frijheid fan mieningsutering

07 jan 2015 - 23:27

Boargemaster Ferd Crone hat in oprop dien om tongersdeitejûn te demonstrearjen op it Saailân yn Ljouwert. It moat in demonstraasje wurde foar solidariteit mei de ynwenners fan Parys en foar de frijheid fan mieningsutering.

Crone docht de oprop op Twitter nei oanlieding fan de oanslach yn Parys op de redaksje fan it satiryske wykblêd Charlie Hebdo. Dêrby waarden 12 minsken deasketten troch trije swier bewapene mannen. De demonstraasje wurdt hâlden op it Saailân en begjint om 18:00 oere.

Ek yn Amsterdam, Rotterdam en Haarlem wurde tongersdei om deselde tiid demonstraasjes hâlden as stipe oan de slachtoffers. Yn Parys wurdt dan in stille tocht hâlden. Op ferskate plakken yn Europa wiene woansdeitejûn al spontane demonstraasjes.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)