Personiel NDC moat kar meitsje om ûntslaggen foar te kommen

07 jan 2015 - 22:24

De haadredaksje fan de Ljouwerter krante en it Dagblad van het Noorden ûndersiket oft der draachflak is op de beide redaksjes foar it plan om lean yn te leverjen om sa banen te behâlden. Dit foarstel is woansdei mei de redaksjes bepraat op in gearkomste yn Grins.

By beide kranten en it Friesch Dagblad driigje 58 banen te ferdwinen. Neffens berjochten op RTV Noord en RTV Drenthe soe dat oantal troch ynleverjen fan lean beheind wurde kinne oant 11. Haadredakteur Evert van Dijk befestiget dat der mei de redaksjes praat wurdt oer it foarstel.

Van Dijk wol op dit stuit net ynhâldlik op de foarstellen yngean. Fakbûn NVJ kin him net fine yn it foarstel, om't it liedt ta sosjale druk.

Trefwurden: 
ûntslaggen NVJ salaris NDC
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)