Deputearre Konst yn petear mei ministearje oer wynmûnen

07 jan 2015 - 21:23

Deputearre Hans Konst hat woansdei yn Den Haach in petear hân mei it ministearje fan Ekonomyske Saken. Konst en wethâlder Akkerman fan Súdwest-Fryslân hawwe frege oft der in ûndersyk komme kin nei de mooglikheden foar wynmûnen by de Ofslútdyk.

Neffens de Fryske polityk is de fariant fan wynmûnen lâns en op de Ofslútdyk net foldwaande ûndersocht en noch net opnommen yn de struktuerfyzje fan it Ryk. It ministearje hat it fersyk net ôfwiisd, mar sil oer in oantal wiken reagearje oft der in ûndersyk komt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)