Fûgelwacht Grou iens mei Van Klaveren oer ljipaai-kwestje

07 jan 2015 - 20:44

De Fûgelwacht fan Grou kin him hielendal fine yn de opstelling fan boargemaster Gerard van Klaveren fan Weststellingwerf. Dy wol gjin earste ljipaai mear yn ûntfangst nimme. Foarsitter Wiepke Hooghiemster hopet dat mear boargemasters dat foarbyld folgje.

De greidefûgelstân stiet der sa beroerd foar, seit Hooghiemster, dat alles dien wurde moat om de saak te rêden. De boeren binne neffens him it grutte probleem, om't se de greiden ûngeskikt meitsje foar ljippen en skriezen. De pear aaien dy''t der op lein wurde, moatte lizzen bliuwe.

Fierder sjocht Hooghiemster kânsen yn de plannen fan de provinsje om spesjale kearngebieten foar greidefûgels te meitsjen. Dizze natoergebieten moatte ek ferbean wurde foar aaisikers of stokjesetters, seit Hooghiemster.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)