Noch gjin oanknopingspunten fermissing Luimstra

07 jan 2015 - 19:37

De plysje hat woansdei nei in grutte sykaskje noch gjin oanknopingspunten foar de fermissing fan de 38-jierrige Gert Jan Luimstra út Snits. De man wurdt sûn 6 jannewaris fermist. Mei speurhûnen en in helikopter is der woansdei by Snits en omjouwing socht nei de man.

De plysje hat ek petearen holden mei famylje en freonen. Der binne trije tips binnen kaam fia Burgernet, dy't de plysje no ûndersiket. De syktocht giet fierder lit in wurdfierder fan de plysje witte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)