SOVON: hieltyd minder ljippen yn Fryslân

Ljip © Omrop Fryslân
Ut sifers fan SOVON-fûgelûndersyk docht bliken dat de ljippestân yn Fryslân noch altyd tebekrint. Sûnt 1996 is it tal ljippen mei de helte fermindere. Alle jierren komme der 3,5% minder ljippen. Neffens deputearre Kramer en Rendert Algra fan it BFVW giet it de lêste jierren krekt better mei de fûgelstân. Dat docht net bliken út de sifers fan SOVON.
De delgong fan it tal ljippen set neffens de ûnôfhinkelike ûndersyksorganisaasje noch altyd troch, al giet it de lêste fiif jier wol wat minder hurd.