Measte boargemasters nimme ljipaai wol oan

De measte Fryske boargemasters binne fan doel om it earste ljipaai yn 'e gemeente wol oan te nimmen. Boargemaster Van der Zwan fan it Hearrefean woe sels spesjaal yn Fryslân boargemaster wurde om it aaisykjen. As dat ophâldt, oerwaget er om sels ek op te hâlden as boargemaster.
Boargemaster Van Bekkum fan Smellingelân fynt it aaisykjen net mear fan dizze tiid. Hy wol dat alle aaien lizze bliuwe. Wa't yn syn gemeente it earste aai fynt, kin him belje. Dan komt er it lân yn om de finer in keunstaai oan te bieden. Dat hat er al klear te lizzen.
Oare boargemasters hawwe ek begrip foar Van Klaveren. Boargemaster Gerbrandy fan Achtkarspelen docht in moreel appel oan de aaisikers. Hy wol dat se allinne it earste aai noch opkrije, en de oare aaien lizze litte.
Boargemaster Liemburg fan Littenseradiel neamt it beslút fan Van Klaveren moedich, mar net ferstannich as ienling. Se is wiis mei de aaisikerstradysje, en tinkt dat der in protte kennis oer de natoer ferlern giet as dat ophâldt. Oan de oare kant stiet it fanatisme fan it Bûn fan Fryske Fûgelbeskermingswachten (BFVW) har tsjin. "Der is my alles oan gelegen om de nuânse yn de diskusje te bringen", seit se.
De gemeentes Opsterlân en Skylge hawwe noch gjin stânpunt ynnaam wegens in wiksel fan de boargemaster. De gemeenten Ljouwerteradiel en Harns wiene net berikber foar kommentaar. Yn alle oare gemeenten feroaret foarearst neat. Dêr nimt de boargemaster it earste aai gewoan oan.