RT: Moslims moatte ôfstân nimme fan de oanslach yn Parys

08 jan 2015 - 05:59

Dat is de stelling hjoed yn de reade tried. "Als je het niet ziet zitten dat humoristen een krantje maken, ja... mag ik het zo zeggen: rot toch op!", sei boargemaster Ahmed Aboutaleb fan Rotterdam woansdei nei oanlieding fan de oanslach yn Parys. 12 minsken kamen om it libben by in oanslach op it kantoar fan it satiryske blêd Charlie Hebdo.

De dieders soene wraak nommen hawwe op de sjoernalisten fanwege spotprenten oer de profeet Mohammed. Rûnom yn it lân is protest, is der demonstreard of wurdt der noch demonstreard. Aboutaleb seit oer de minsken dy't begryp hawwe foar de aksjes: "In hemelsnaam, pak je koffer en vertrek. Er is misschien een plek in de wereld waar je tot je recht kunt komen. Ga niet onschuldige journalisten ombrengen, dat is zo verachtelijk. Verdwijn als je in Nederland je plek niet kunt vinden."

Jo kinne hjirûnder reageare of fia de mail: readetried@omropfryslan.nl. Jo kinne ek meiprate fia Facebook of belje mei 058 - 70 09 777. Dan kinne jo in reaksje ynsprekke op it antwurdapparaat.

Trefwurden: 
Reade tried
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)