Sân jier sel en TBS easke foar moard op Miranda Olivier

07 jan 2015 - 15:52

Tsjin in 45-jierrige Ljouwerter is sân jier selstraf en TBS mei twangferpleging easke foar de moard op de 38-jierrige Miranda Olivier. Yn juny ferline jier brocht de man har om it libben mei messtekken. De offisier fan justysje achtet moard net bewiisd, mar hâldt it op deaslach.

'Verdachte heeft iemand het leven ontnomen omdat hij niet kon dealen met zijn eigen gevoelens', sei de offisier. Neffens har hat de man in earnstige alkoholferslaving en is de kâns op in weromfal grut. Der wie foar de saak in soad publike belangstelling.

De jongste dochter fan Miranda Olivier easket in grêfferbod foar de fertochte. Se wol dit omdat se graach nei it grêf fan har mem gean wol sûnder it risiko te rinnen dat se yn de takomst de Ljouwerter tsjin komt. Sa'n ferbod bestiet noch net en is ek net werom te finen yn wetboeken. De offisier fan justysje koe hjir dan ek noch neat oer sizze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)