Rusnák en Uth by tsien bêste spilers yn fuotbalblêd VI

07 jan 2015 - 15:35

Fuotballer Albert Rusnák, âld-spiler fan SC Cambuur, en Mark Uth fan SC Hearrenfean stean beide yn de list fan de tsien bêste spilers yn de earste helte fan de kompetysje yn de earedivyzje. De list is makke troch fuotbalblêd VI.

Rusnák stiet op plak 8. VI skriuwt dat de Slowaakske middenfjilder ien fan de grutte útblinkers wie en dat er ferraste mei dominant en oanfallend fuotbal. Uth stiet op plak 10. Hy is op dit stuit topscoarder yn de kompetysje.

Thomas Dalgaard fan Hearrenfean stiet yn de list fan de tsien grutste ferliezers op it twadde plak. Neffens it fuotbalblêd is Dalgaard ferliezer om't er net in basisplak by de seleksje hat. Sa wie er ynearsten wol binnenhelle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)