Sein 'brand meester' jûn by Ljouwerter kringloopwinkel

07 jan 2015 - 15:34

In bedriuwsgebou yn Ljouwert is woansdeitemiddei troffen troch in útslaande brân. It giet om in winkel yn twaddehâns guod oan de Lorentzkade. De brânwacht is mei ferskate spuitweinen en trije heechwurkers oanwêzich. Der waard opskaald nei in grutte brân.

17:40 oere: Brânwacht hat sein brân meester jûn. Wol binne de korpsen noch dwaande mei neiblussen.

16:59 oere: Minsken dy't hjoed of jûn sporte wol op Sportpark Nijlân kinne better in dei oerslaan, seit de brânwacht. De reek is oer de sportfjilden en omkriten lutsen.

16:47 oere: Ut in soad wiken yn Ljouwert komme meldings oer in brânlucht. Bliuw safolle mooglik út de reek, seit de brânwacht.

16:13 oere: De garaazje njonken it ôfbaarnde gebou en it gebou dêrachter lykje net troffen te wurden troch de flammen.

16:08 oere: De brân liket sa goed as ûnder kontrôle. It sein Brân Master is noch net jûn.

15:53 oere: Der binne in soad taskôgers by de brân. De brânwacht ropt minsken op nei hûs te gean, en oars goed om de feiligens te tinken en de helptsjinsten alle romte te jaan.

15:36 oere: Fjouwer minsken binne ûndersocht troch medysk personiel. Ien fan harren is nei it sikehûs brocht fanwege te folle reek ynaseme.

15:31 oere: De reek is goed te sjen op de trochgeande dyk besuden Ljouwert de Hindrik Algrawei. Auto's stean stil op de wei. De brânwacht warskôget automobilisten dochs foaral troch te riden.

15:20 oere: De brandwacht besiket foar te kommen dat it fjoer oerslach nei oare gebouwen.

De brânwacht warskôget minsken dy't yn de reek sitte, ruten en doarren ticht te hâlden. De reek lûkt oer it spoar, mar de treinen ride wol gewoan. De grutte reekwolken binne fan fier te sjen.

Trefwurden: 
Ljouwert brân Lorentzkade
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)