Sipelynpakbedriuw troffen troch boycot fan Ruslân

Sipelferpakbedriuw Konaxx Onions yn Sint-Jabik hâldt op. Dat hat direkteur Tjerk Nagel woansdei bekend makke. It bedriuw is troffen troch de boykot fan Ruslân. 60 oant 70 prosint fan de ôfset gie nei Ruslân ta. Mei de boykot rint it bedriuw alle jierren om de 500.000 oant 600.000 euro oan omset mis. De lêste sipels giene woansdei de doar út.
Nagel slút net út dat er yn de takomst wer begjint mei it bedriuw. Mar foarearst is it dien mei Konaxx Onions en de tolve meiwurkers dy't it bedriuw yn tsjinst hat. Sy moatte om oar wurk útsjen.