Soad reaksjes oer boycot earste ljipaai

07 jan 2015 - 13:41

It beslút fan boargemaster Van Klaveren fan de gemeente Weststellingwerf om it earste ljipaai yn syn gemeente net mear yn ûntfangst te nimmen soarget foar in soad reaksjes. Foar- en tsjinstânners reageare fûl op de boycot.

Op it Provinsjehûs yn Ljouwert wurdt it earste ljipaai fan Fryslân ek takom maaitiid gewoan yn ûntfangst naam, lit deputearre Johannes Kramer witte. Hy seit it spitich te finen dat Van Klaveren brekt mei de tradysje, om't dy neffens Kramer ek hiel dúdlik keppele is oan neisoarch.

SOVON Vogelonderzoek yn Nijmegen seit dat út de meast resinte sifers bliken docht dat it tal ljippen yn Fryslân bot tebekrint, mar dat er de lêste jierren wol in flakkere delgong is. Tsjinstanners fan it tradisjonele aaisykjen binne wiis mei it beslút fan de boargemaster fan Weststellingwerf. Sa ek Harm Niesen fan de Faunabeskerming, dy't in soad rjochtsaken fierde tsjin it aaisykjen. 'Het is inmiddels achterhaald, het verschijnsel van het rapen, zoeken en aanbieden van kievitseieren aan een burgemeester'. Niesen neamt boargemaster Van Klaveren in ferstannich man. Aaisiker Geert Mooi fan Nijetrine is ferbjustere troch it beslú. Hy hat ferskate kearen it earste ljipaai fan Weststellingwerf fûn en is bot teloarsteld dat er tenei net mear wolkom is op it gemeentehûs fan Wolvegea as er it earste ljipaai fûn hat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)