Hou Friesland Mooi wurdt wer aksjegroep

07 jan 2015 - 12:46

Hou Friesland Mooi (HFM) wurdt opnij in aksjegroep. De stifting hat lang gearwurke mei oare partijen yn de groep Fryslân foar de Wyn en de Provinsje, mar kiest no wer de eigen koers.

HFM is ek ûntstien as protestgroep, om de plannen foar wynmûnen lâns de A7 by It Hearrenfean en tusken Boalsert en Harns te kearen. HFM kin him net fine yn it plan fan de Provinsje, om wynturbines yn de Iselmar of by de Ofslútdyk te setten. Dermei is de provinsje tsjin it advys fan Fryslân foar de Wyn yn gien.

HFM fielt him net langer bûn en wol gjin konsesjes mear dwaan. HFM is tsjin it pleatsen fan wynmûnen lâns de Ofslútdyk en giet net langer akkoart mei in megapark by Hiddum Houw. Derneist wol HFM dat der allinich wynmûnen yn Súdwest-Fryslân sanearre wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)