Skoallen belutsen by ynsammeljen krystbeammen

Yn tal fan gemeenten wurde dizze dagen de krystbeammen ophelle. Sa ek yn de gemeente Smellingerlân. Dêr wurde al sa'n 25 jier de skoallen belutsen by it ynsammeljen fan de beammen.
De pleinen komme fol te lizzen mei beammen en foar eltse beam krijt de skoalle in lytse bydrage.
It tal ynsammele beammen wurdt wol hieltyd minder. Waarden 25 jier lyn noch goed 4000 krystbeammen ophelle, ferline jier wiene dat noch mar sawat 2000. En dat op in totaal fan rûchwei 22.000 húshâldens.