Geweldpleger tsjin helpferliener op matsje by boargemaster

06 jan 2015 - 20:28

De man dy't mei âld en nij in plysjeman mei in bierfleske op de holle sloech yn de gemeente Dongeradiel moat meikoarten op it matsje komme by de boargemaster. Boargemaster Marga Waanders wol sa sjen litte dat geweld tsjin helpferlieners echt net kin.

Se fynt it har taak om op te kommen foar de helptsjinsten, sa sei Waanders tiisdeitejûn yn har nijjierstaspraak. Troch sels yn petear te gean mei geweldplegers hopet se ynsidinten yn de takomst foar te kommen. Wannear't it petear krekt plak fynt is net bekend.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)