Boargemaster fan Weststellingwerf boykot earste ljipaai

Boargemaster Gerard van Klaveren fan Weststellingwerf wol fan dit jier ôf gjin earste ljipaai yn syn gemeente mear yn ûntfangst nimme. Dat hat Van Klaveren tiisdeitejûn bekend makke yn syn nijjierstaspraak.
Hy fynt it net ferantwurde om ljipaaien te sykjen, wylst ûndersyk oantoant dat it net goed giet mei de stân fan de greidefûgels yn Fryslân. Van Klaveren stelt dat de provinsje der net yn slagget -nettsjinsteande de ynspannings en finansjele ynvestearrings- om de situaasje fan bedrige greidefûgels te ferbetterjen.
"De cijfers spreken voor zich, zijn veelzeggend en kunnen niet worden genegeerd. Ik wil mijn ogen hier dan ook niet voor sluiten en besluit dan ook vanaf dit voorjaar geen eerste kievietsei meer in ontvangst te willen nemen."
De lêste jierren wie der al in soad krityk op it sykjen fan ljipaaien troch bygelyks natoerorganisaasjes, mar noch net earder waard dizze krityk ek troch in Fryske boargemaster utere. De ferwachting is dan ek dat it stânpunt fan Van Klaveren in soad emoasjes en diskusjes losmeitsje sil ûnder tsjin- en foarstanders fan it ljipaaisykjen.
Foarsitter Rendert Algra fan it Bûn Fryske Fûgelwachten is bot teloarsteld oer it stânpunt fan boargemaster Van Klaveren. Fryslân is de iennichste provinsje yn Nederlân dêr't noch nei ljipaaien socht wurde mei. Algra stelt dat dizze Fryske tradysje just goed is foar de fûgelstân, om't de aaisikers der ek foar soargje dat de nêsten beskerme en oantsjut wurde. Sadwaande soenen de aaien just net kapot makke wurde by it meanen.