Sjauffeur út De Triemen feroarsaket deadlik ûngelok

06 jan 2015 - 17:19

In 53-jierrige frachtweinsjauffeur út De Triemen hat moandeitejûn op de A6 by Lelystêd in Bulgaarske frachtweinsjauffeur deariden. De Bulgaar stie mei in lekke bân op de flechtstrook. Doe't de man út De Triemen de frachtwein mei alarmljochten foarby ried, rekke er de Bulgaar. Mooglik is it slachtoffer skept doe't er syn bân oan it ferwikselen wie.

Helptsjinsten kamen te let om de Bulgaar te rêden. De Fryske sjauffeur is troch de plysje op it buro heard, mar mocht letter nei hûs. De plysje ûndersiket noch hoe't it ûngelok krekt barre koe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)