Ferkearsboerd moat deariden fan otters foarkomme

It Fryske Gea hat tiisdei ferkearsbuorden pleatst by de Headammen yn Aldegea om foar te kommen dat hjir otters deariden wurde. By de Headammen is in plak ûntdutsen dêr't in soad otters de dyk oerstekke om yn natuergebiet De Alde Feanen te kommen.
Omdat it oanlizzen fan in tunnel ûnder de dyk troch of it pleatsen fan in raster op dit stuit net mooglik is, hat It Frysk Gea der no earst foar keazen om it ferkear te wizen op de otters. Se hoopje dat minsken troch de buorden stadiger riden gean.