Swimbad De Delte siket frijwillige tafersjochhâlders

06 jan 2015 - 12:10

De swimbadkommisje fan De Delte op De Gordyk siket frijwilligers dy't tafersjochhâlder wurde wolle. De kommisje krijt 10.000 euro fan de gemeente Opsterlân om te ynvestearjen yn dizze frijwilligers. De tafersjochhâlders moatte der foar soargje dat it swimbad iepenbliuwe kin. Yn totaal binne sa'n 80 frijwilligers nedich.

Swimbad De Delte hat al jierren finansjele tekoarten troch de hegere enerzjykosten en mindere kaartferkeap. De gemeente Opsterlân hat it swimbad earder stipe mei 20.000 euro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)