Direkteur fan de Burgerskoalle dochs op strjitte set

06 jan 2015 - 12:06

Direkteur Germ de Vries fan de Burgerskoalle yn Dokkum is dochs op strjitte set. Dat sizze âlden fan de bern dy't op de Burgerskoalle sitte. De direkteur moast fan koepelorganisaasje Roobol per 1 jannewaris fuort.

Foar de krystfakânsje waard bekend dat De Vries op 5 jannewaris dochs wer oan it wurk koe, om sa de oergong nei in nije ynterim-direkteur soepeler ferrinne te litten. Oan de ein fan moandeitemiddei krige er lykwols te hearren dat er dochs fuort moast.

De Vries moat fuort om't der in ferskil fan ynsjoch is oer it ûnderwiis op de Burgerskoalle. De âlden binne just hiel wiis mei De Vries en wolle him net kwyt.

Trefwurden: 
Dokkum Burgerskoalle Roobol
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)