Huitema: Gjin strangere regels foar luchtkwaliteit

Europarlemintariër Jan Huitema fan Makkingea is tiisdei op paad mei syn Ingelske kollega Julie Girling. Doel is har der fan te oertsjûgjen dat nije Europeeske regels foar de luchtkwaliteit yn Nederlân net nedich binne. It Europeesk Parlemint is dwaande mei it saneamde Clean Air Package. It giet om regels foar it bestriden fan ûnder oare ammoniak, metaan en fynstof.
Neffens Huitema sille dy nije regels problemen opsmite foar de Nederlânske boeren as dy regels stranger wurde as de besteande Nederlânske regels.
Huitema fynt dat net earlik, omdat Nederlânske boeren al folle mear ynvestearre hawwe yn in skjin miljeu as boeren yn in soad oare Europeeske lannen. Om de lucht yn Europa skjinner te meitsjen is it folle belangriker om lannen yn East-Europa op it Nederlânske nivo te bringen, fynt Huitema.
In besite oan in plomfeebedriuw yn Oirschot en in melkfeehâlder yn Bergeijk moatte Girling der fan oertsjûgje dat Nederlânske boeren har al genôch ynspanne foar de luchtkwaliteit.