PvdA Fryslân noch net gerêststeld oer oername Sionsberg

De Sionsberg © Omrop Fryslân
De PvdA yn Fryslân is ferromme mei de oplossing foar sikehûs De Sionsberg, mar is noch net gerêststeld oer de oername. Dat is de earste reaksje fan deputearre Jannewietske de Vries. ZuidOostZorg, DC groep en Cardiologie Centra Nederland sille it sikehûs oernimme. Dêrmei bliuwe 80 oant 100 folsleine banen behâlden.
De partij fynt wol dat útfiering fan it inisjatyf goed yn de gaten hâlden wurde moat. Noardeast-Fryslân fertsjinnet neffens de PvdA soarch dy't ek yn de takomst stân hâldt. It moat net in tydlike oplossing wêze.
De partij sil de ynfolling fan de plannen mei belangstelling folgje.