Húsdoktersintrum Dokkum bliid mei nij bestjoer Sionsberg

05 jan 2015 - 20:37

Húsdokters yn Dokkum binne wiis mei de trochstart fan sikehûs De Sionsberg. Moandei waard bekend dat soarchynstelling ZuidOostZorg út Drachten, DC Klinieken en Cardiologie Centra Nederland it bestjoer oernimme sille. Wol ha de húsdokters noch in soad fraachtekens hoe't de soarch krekt foarm krijt.

Theo Franck fan Húsdoktersintrum Dokkum hopet dat der goed sjoen wurde sil nei de twadde-linesoarch. Bygelyks dat pasjinten ek bûten kantoartiden dêr teplak kinne en dat der romte is foar kontrôles troch spesjalisten yn Dokkum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)