De Rûnkranter wint priis bêste Fryske doarpssjoernalistyk

De priis foar de bêste Frysktalige doarpssjoernalistyk giet dit jier nei De Rûnkranter, de doarpskrante fan Weidum, Jellum en Bears. Dy krante wie mei twa ferhalen nominearre. De earste priis gie nei Katja Westra foar har ferhaal "In wiidferneamd stasjon" yn de rige 'Blik op it ferline'.
De gemeente wol mei de priis it gebrûk fan it Frysk ekstra nijsgjirrich meitsje foar skriuwers fan doarpskranten en doarpswebsiden. De priis waard moandeitemiddei útrikt op de drok besochte nijjiersresepsje fan de gemeente Littenseradiel.