Ljouwerter krijt proses-ferbaal foar oertredings yn ferkear

05 jan 2015 - 17:49

In 33-jierrige automobilist út Ljouwert is sneintejûn op de Antillenwei oanholden. De plysje krige in melding dat de Ljouwerter ride soe ûnder ynfloed fan drugs.

De plysje hat in bloedproef ôfnaam. Ut fierder ûndersyk blykte dat de man in rydûntsizzing hie. Boppedat wie syn rydbewiis al sûnt 2007 ferrûn en wie de auto ek net fersekere. De plysje hat proses-ferbaal opsteld en de man in rydferbod fan 24 oeren oplein.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)