Reade tried: Earst yn it Frysk

Nederlânsktaligen yn Fryslân moatte earst yn it Frysk oansprutsen wurde.
Dat is de stelling hjoed yn de Reade Tried. Dêrmei folgje we de ideeën fan de Ried fan de Fryske Beweging. Dy fynt eins dat dat sa moat. It soe in goeie manier wêze om derfoar te soargjen, dat mear minsken Frysk behearskje en dat se it ek noch better behearskje. Is dat sa? Of soe it ek krekt in soad argewaasje opsmite kinne by minsken dy't it net of net goed fersteane? En as dit net de manier is om it Frysk foarút te helpen, wat is dan in bettere manier?
Jo kinne hjirûnder reageare of fia de mail: readetried@omropfryslan.nl. Jo kinne ek meiprate fia Facebook of belje mei 058 - 70 09 777. Dan kinne jo in reaksje ynsprekke op it antwurdapparaat.