Wykferpleechkundige stelt nije soarchyndikaasje op

Kliïnten dy't thússoarch krije, sille tusken no en in healjier in nije soarchyndikaasje krije. Troch de nije regels yn 'e soarch moatte thússoarchorganisaasjes sels de yndikaasje opstelle. De wykferpleechkundige sil dat dwaan. Foarhinne waard de yndikaasje opsteld troch sosjale wykteams fan de gemeenten.
De organisaasjes hawwe oant juny de tiid om foar al harren kliïnten in nije yndikaasje op te stellen. Dêryn stiet hokker en hoefolle oeren thússoarch de kliïnt nedich hat.