Ekstra ûnderhâld oan wettergongen tusken Burgum en Dokkum

Logo Wetterskip Fryslân
In soad wettergongen tusken Burgum en Dokkum binne te krap. Dêrtroch is der yn de simmer ekstra ûnderhâld nedich. Dat docht bliken út in analyze fan Wetterskip Fryslân. It wetterskip hat foar de kommende tsien jier in ûnderhâldsplan opsteld.
Ut ûndersyk docht fierder noch bliken dat op ferskate lokaasjes wetteroerlêst ûntstiet by ekstreem wiet waar. Oan dy knipepunten wol Wetterskip Fryslân de kommende jierren wurkje. Ynwenners fan it gebiet meie nije wike mei it wetterskip prate oer de behearsplannen.