Sa'n 100 banen bliuwe behâlden troch oername De Sionsberg

05 jan 2015 - 12:22

Tusken de 80 en 100 fulltime banen bliuwe bestean no't sikehûs De Sionsberg yn Dokkum oernaam wurdt. Dat skriuwe de kurators. Nije wike giet De Sionsberg oer nei soarchynstelling ZuidOostZorg yn Drachten, DC klinieken en Cardiologie Centra Nederland (CCN).

It sikehûs wurdt dan feroare yn in sintrum, mei ûnder oare de húsdokterspraktyk, in 24-oeren dokterspost, de (spoed)apoteek, thússoarch, âldereinsoarch, in diagnostysk sintrum en in kardiologyske polyklinyk. Op 19 jannewaris wurde de plannen fierder presintearre.

Lês hjir it folsleine parseberjocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)