Televyzje fan Ziggo-klanten op De Gordyk op swart

By sa'n 13.000 klanten fan Ziggo op De Gordyk springt de televyzje moandei op swart. Alle digitale kanalen falle fuort om't Ziggo it sinjaal oanpast. Doel is om de sinjaalkwaliteit te ferbetterjen, mar dêrfoar moat alles op 'e nij opstart wurde. Dêrnei moatte minsken sels harren televyzjekanalen op 'e nij ynstelle.
It giet om in lanlike operaasje fan Ziggo, mar de regio De Gordyk is as earste oan bar. Om't it tal klanten hjir lyts is, wol Ziggo sjen hoe't it giet. Der is in team fan de kabelmaatskippij oanwêzich om de klanten te helpen.
Ziggo hat op syn webside in spesjale side mei dêrop ynstruksjes om de televyzje of digitale ûntfanger op nij yn te stellen. Omrop Fryslân bliuwt op kanaal 30 stean en is tenei ek te sjen fia kanaal 702.