Man (68) rekket rydbewiis kwyt nei't er net goed wurden wie

05 jan 2015 - 10:11

In 68-jierrige automobilist út Ljouwert moast snein syn rydbewiis ynleverje om't er net goed wurden wie wylst er oan it riden wie. De man ried op de Pasteurwei yn syn wenplak oer in paadwizer hinne. Ek like de Ljouwerter yn 'e war.

De man hie lykwols net dronken. Dêrom tinkt de plysje dat de man ûnderweis net goed wurden is. Om dy reden fûn de plysje ek dat de man net mear autoride mocht en ha se syn rydbewiis foar de wissichheid ynnaam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)