Trijetal oanholden foar drugsbesit

05 jan 2015 - 09:59

Twa Drachtsters fan 18 en 26 jier en in 19-jierrige frou út Eastermar binne sneintemoarn oppakt foar drugsbesit. It trio waard betrape by in kontrôle op it Torenplein yn Surhústerfean.

De fertochten sieten yn in auto. By de kontrôle fûn de plysje ferskate soarten soft- en harddrugs, in fleske GHB en yllegaal fjoerwurk. De drugs binne yn beslach naam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)