Auto yn 'e brân op A31 by Menaam
In auto is snein oan de ein fan de middei yn brân flein op de A31 by Menaam. It motorblok stie ynienen yn de brân. De bestjoerder koe de auto noch oan de kant sette en op 'e tiid út de auto komme.
De brânwacht hat it fjoer ûnder kontrôle krigen, mar de auto rûn flinke skea op. It ferkear op de A31 waard hindere troch de brân.