Spesjale útstjoering op NPO 1 oer Alvestêdetocht 1997

04 jan 2015 - 17:35

It is snein 18 jier lyn dat der foar it lêst in Alvestêdetocht op redens riden is. Dat wie op 4 jannewaris 1997. Dêrom hat it TV-programma Andere Tijden Sport sneintejûn in spesjale alvestêdetocht-ôflevering.

Ien fan de toerriders Anne de Ruiter út Oldehove hat yn 1986 en yn 1997 syn tocht sels fêstlein mei in filmkamera. Yn dy tiid hie hast noch net ien in eigen kamera by him, lykas no. Foar safier bekend binne dit de iennichste 'ego-dokuminten' fan de Alvestêdetocht dy't oait makke binne.

De útstjoering fan Andere tijden sport is snein om 22.30 oere op NPO 1. Op de website fan Andere Tijden Sport is ek de komplete film fan De Ruiter te besjen.

Sjoch hjir foar it programma fan Andere Tijden Sport.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)