Syktocht nei tsjûgen fan izertried oer fytspaad giet troch

04 jan 2015 - 14:25

De plysje siket noch hieltyd nei de minsken dy't in izertried oer in fytspaad spand hawwe. Oant no ta is der ien tip by de plysje binnenkaam, mar der is noch net ien oanholden. De izeren tried siet oan in betonnen pealtsje fêst en wie âldjiersnacht oer it Griene Stjerpaad by Ljouwert spand.

Op nijjiersmoarn ried de 34-jierrige Jolanda Tegenbosch der mei har bromfyts tsjinoan en foel op it pealtsje. Se hat in harsenskodding en ferskate kniezings. De plysje nimt de saak heech op en praat fan poging ta deaslach.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)