"Faker Frysk prate mei Nederlânsktalige provinsjegenoaten"

Friezen moatte faker Frysk prate mei Nederlânsktalige provinsjegenoaten. Dat fynt de Ried fan de Fryske Beweging. En om dat te stimulearjen sette se ynkoarten útein mei it projekt Fan Underen Op. De bedoeling is dat de Fryske taal yn it algemien wer better en mear praat wurdt yn de provinsje.
Oan de hân fan aktiviteiten yn doarpen en wiken sil besocht wurde de taal wer wat mear ûnder de oandacht te bringen. De Ried hopet it projekt by Kulturele Haadstêd 2018 oanheakje te kinnen.