Jorrit Bergsma fit genôch om te starten op NK maraton

04 jan 2015 - 11:01

Jorrit Bergsma docht snein mei oan it NK maraton. Freed wie hy noch siik, sneon hat er op it iis stien, mar sneintemoarn hat er witte litten dat er dochs starte sil. It NK maraton is op de iisbaan Kardinge yn Grins.

De Fryske riders Jorrit Bergsma, Arjan Stroetinga en Bob de Vries binne kânshawwers foar de titel. Se hearre allegear by de twa maratonploegen dy't coacht wurde troch Jillert Anema.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)