Mannen yn Balk oppakt foar mislediging plysje

Oanhâlding © ANP
Twa 25-jierrige manlju, út Balk en Littenseradiel, binne sneintemoarn betiid oppakt foar mislediging fan de plysje. De man út Littenseradiel waard út in kafee oan de Dubbelstrjitte yn Balk setten en waard dêrtroch agressyf. Doe't plysjeminsken him hjirop oansprutsen, misledige de fertochte har. Ek besocht er in kopstjit te jaan. Dêrop is hy oppakt.
De Balkster wie it net iens mei de oanhâlding en misledige dêrom de plysje ek. Ek hy mocht dêrom mei nei it plysjeburo.